Charlie's Angels (film út 2000)
film út 2000 fan McG / From Wikipedia, the free encyclopedia
Charlie's Angels is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2000 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu. De titel betsjut: "Charlie's Ingels". It is it earste diel út 'e Charlie's Angels-filmsearje, dy't basearre is op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels út 'e 1970-er jierren. De plot folget trije fernimstige en talintearre jonge froulju, de 'ingels', dy't yn Los Angeles foar it detektiveburo fan 'e mysterieuze Charlie wurkje. Se wurde ynset om 'e ûntfierde eigner en ûntfrjemde ynformaasje fan in technologybedriuw werom te finen. Charlie's Angels krige mingde resinsjes, mar brocht wrâldwiid rom $264 miljoen op. Yn 2003 ferskynde in ferfolch fan deselde makkers, mei as titel Charlie's Angels: Full Throttle.
Charlie's Angels | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | McG | |
produsint | Drew Barrymore Leonard Goldberg Nancy Juvonen | |
senario | Ryan Rowe Ed Solomon John August | |
basearre op | Charlie's Angels (tillefyzjesearje) | |
kamerarezjy | Russell Carpenter | |
muzyk | Edward Shearmur | |
filmstudio | Columbia Pictures Leonard Goldberg Productions Flower Films Tall Trees Productions | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Cameron Diaz Drew Barrymore Lucy Liu | |
byrollen | Bill Murray Sam Rockwell Tim Curry Kelly Lynch Crispin Glover | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 oktober 2000 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 98 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $93 miljoen | |
opbringst | $264,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Charlie's Angels (franchise) | |
● folgjend diel | Charlie's Angels: Full Throttle |