Cinecittà
From Wikipedia, the free encyclopedia
Cinecittà (útspr.: [ʧineʧiˈta], likernôch: "tsji-nee-tsji-ta"), Italjaansk foar "Sinemastêd" of "Filmstêd", is in ferneamd studiokompleks yn 'e Italjaanske haadstêd Rome. It beslacht in oerflak fan 40 ha en is dêrmei it grutste yn syn soarte yn Jeropa. It waard boud yn 'e 1930-er jierren as in prestiizjeprojekt fan it faksistyske regear fan Benito Mussolini. Cinecittà foarmet it hert fan 'e Italjaanske filmyndustry en wurdt ek wol "Hollywood oan 'e Tiber" neamd. Der hawwe troch de jierren hinne opnamen foar mear as 3.000 films en withoefolle tillefyzjeprogramma's plakfûn.
Fluch de feiten
Cinecittà | ||
Yngong fan Cinecittà. | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Italjaansk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Rome | |
oprjochte | 1937 | |
offisjele webside | ||
www.cinecittastudios.it | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Rome.
|
Slute