Crouching Tiger, Hidden Dragon
film út 2000 fan Ang Lee / From Wikipedia, the free encyclopedia
Crouching Tiger, Hidden Dragon (Ferienfâldige Sineesk: 卧虎藏龙; Tradisjoneel Sineesk: 臥虎藏龍; formele pinyin-transliteraasje: Wò Hǔ Cáng Lóng) is de ynternasjonale titel fan in Taiwaneesk-Sineesk-Hongkongsk-Amerikaanske film út 2000. Dizze Mandarynsktalige film heart ta it wuxia-sjenre fan 'e tradisjonele Sineeske histoaryske fantasy en waard regissearre troch de Taiwaneeske regisseur Ang Lee. De haadrollen waarden fertolke troch Chow Yun-fat, Michelle Yeoh en Zhang Ziyi. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Wang Dulu út 1942.
Crouching Tiger, Hidden Dragon Wò Hǔ Cáng Lóng | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ang Lee | |
produsint | Bill Kong Hsu Li-kong Ang Lee | |
útfierend produsint | James Schamus David Linde | |
senario | Wang Hui-ling James Schamus Kuo Jung-Cài | |
basearre op | de roman fan Wang Dulu | |
kamerarezjy | Peter Pau | |
muzyk | Tan Dun | |
filmstudio | Columbia Pictures Sony Pictures Good Machine International EDKO Films Zoom Hunt Productions China Film Co-Prod. Corp. United China Vision Asia Union Film & Entertainment | |
distribúsje | Sony Pictures Classics (N.-Am.) Columbia TriStar (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Chow Yun-fat Michelle Yeoh Zhang Ziyi | |
byrollen | Cheng Pei-pei Chang Chen Gao Xi'an Sihung Lung Li Fazeng | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Taiwan Sina Hongkong Feriene Steaten | |
premiêre | 7 july 2000 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | wuxia | |
taal | Mandarynsk | |
spyltiid | 120 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $17 miljoen | |
opbringst | $213,5 miljoen | |
prizen | 4× Oscar 2× Golden Globe 4× BAFTA | |
filmsearje | ||
filmsearje | Crouching Tiger, Hidden Dragon | |
● folgjend diel | Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny |
- Dizze side giet oer de film út 2000. Foar oare betsjuttings, sjoch: Crouching Tiger, Hidden Dragon (betsjuttingsside).
It ferhaal folget de legindaryske swurdfjochter Lǐ Mùbái, dy't yn it njoggentjinde-iuwske Keizerryk Sina wraak nimme wol op in mysterieuze moardneresse mei de bynamme 'de Jadefoks'. Hy ûnderhâldt in komplekse relaasje mei Yú Xiùlián, de eigneresse fan in bedriuw dat befeiligingslju ferhiert oan hannelskarafanen. Xiùlián komt yn Peking yn 'e kunde mei de jonge ealfrouwe Yù Jiāolóng, de dochter fan gûverneur Yù, dy't op it punt stiet om troch har heit úthylke te wurden. It docht bliken dat it fanke mear is as se liket. De striid om it besit fan it romrofte swurd fan master Lǐ bringt alle haadpersoanen byinoar. Crouching Tiger, Hidden Dragon waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige fan 'e filmkritisy yn oerweldigjende mjitte positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. Crouching Tiger, Hidden Dragon wûn fjouwer Oscars, twa Golden Globes, fjouwer BAFTA's en in grut tal oare prizen. Yn 2016 waard in ferfolchfilm makke ûnder de titel Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny.