Dúnterpen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dúnterpen is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk telt (yn 2008) 4600 ynwenners en hat in opperflakte fan 265 hektare (wêrfan 44 hektare wetter). Dúnterpen is kwa ynwenneroantal de grutste wyk fan Snits. De strjitten yn de wyk binne meast neamd nei blommen en planten (Dúnterpen I en II), flinters (Dúnterpen III) en tichtby lizzende wetters (Dúnterpen IV). De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Lemmerwei-East, yn it easten oan de Wâldfeart en Boargemaster Rasterhoffpark en yn it westen oan de wyk Tinga. Wichtife ferkearsieren binne de Lemmerwee (eastgrins) en de Rykswei 7 (noardgrins).