Dútsktalige Mienskip
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dútsktalige Mienskip (Dútsk: Deutschsprachige Gemeinschaft (Belgiens), ok Ostbelgien neamd) foarmet wat ynwenners oanbelanget de lytste dielsteat fan Belgje. De dielsteat mei in oerflak fan 854 km² [1] leit yn it easten fan Belgje, yn de Waalske provinsje Luik. Hy bestiet út twa parten en grinzet oan Dútslân, Nederlân en Lúksemboarch. Dy twa parten wurde skaat troch it natuerpark "Hohes Venn" (Hege Feanen) dat foar in grut part yn in Frânsktalige gemeenten leit. Yn njoggen gemeenten wenje sa’n 79.000 ynwenners (2023).[1]
De Dútsktalige Mienskip hat binnen it federale Belgje in grutte autonomy, mei foar in part soevereine wetjouwing. De fiertaal op de skoallen, yn de rjochtbanken en fan it regear yn 'e stêd Eupen is Dútsk. In eigen parlemint en regear hawwe foech op de mêden: kultuer, ûnderwiis, foarming, wurkgelegenheid, gesin en sosjale saken. Boppedat hawwe se tafersjoch op de lokale bestjoeren fan de njoggen gemeenten.