De Potmarge (wetter)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Potmarge is in wetter (rivierke) yn Ljouwert. It leit tusken de Suderstedsgrêft en de Wide Greons. It kin oan syn namme komd wêze troch pot = pet of poel, en marne = wetterstream.
Rûchwei fiif iuwen lang, oant 1944 ta, hat de Potmarge de bestjoerlike grins foarme tusken it stedsgebiet fan Ljouwert en it Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel. Allinne it lêste rjochte stik wie alhiel Ljouwerters, want dêr gou de sydtûke of opfeart efter de Skrâns nei Winiaherne as grins. It wetter wie hast al dy tiid ek in natuerlike barriêre, mei inkeld in oerset tusken it doarp Huzum en in paad nei Efter de Hôven. De earste fêste iggeferbining kaam pas yn 1934, doe’t der in klapbrêge efter it eardere Mariënburch boud waard om benammen de roomske tsjerke- en skoallegongers út it súdeastlike stedspart te skewielen. Lykas de Ie en it Fliet wie de Potmarge by âlds in wichtich farwetter yn de ferbinings tusken Ljouwert en de omkriten. Foar fearskippers en merkfarders út Huzum, Tearns, Swichum, Wurdum en noch wat plakken wiene Wurdumerfeart en Potmarge de koartste wei nei de stêd. Gâns beweech wie der ek fan jiske-, pún-, túch- en dongpreammen sûnt yn 1685 oan de Potmarge, efter de Skrâns, it Ljouwerter jiskelân kommen wie.