De Sânenfjirtich Rōnin (Japansk: 四十七士, Shijūshichishi) wiene in groep rōnin (masterleaze samoerai), dy't yn desimber 1702 by it saneamde Akō-ynsidint (Japansk: 赤穂事件, Akō jiken) wraak namen foar de dea fan harren eardere daimyō (feodale hear), Naganori Asano. Dat diene se troch de residinsje oan te fallen fan hear Yoshinaka Kira, in machtige funksjonaris oan it hôf fan 'e shōgun, mei't se him ferantwurdlik holden foar de fal yn ûngenede fan harren hear, dy't ta syn dea laat hie. Nei't se Kira ombrocht hiene, joegen se harsels oer oan 'e autoriteiten, wêrnei't se allegear, op ien nei, oardere waarden om seppuku (rituele selsmoard) te dwaan. Om't se yn 't foar wisten dat soks har foarlân wêze soe, mar dochs trochsetten mei it wreekjen fan harren hear, wurdt dit foarfal yn 'e Japanske kultuer beskôge as in foarbyldich neilibjen fan 'e bushido, de koade fan ear fan 'e samoerai. It ferhaal fan 'e Sânenfjirtich Rōnin krige neitiid in legindaryske status, en der waarden gâns fiksjewurken op basearre, lykas toanielstikken en films, safolle sels dat se har ûntjoegen ta in spesjaal sjenre, de chūsingura.
De Sânenfjirtich Rōnin (it Akō-ynsidint) |
De Sânenfjirtich Rōnin falle de haadpoarte fan 'e residinsje fan hear Yoshinaka Kira oan op in yllustraasje fan Hokusai. |
|
datum: | 14 desimber 1702 |
plak: | Kira-residinsje yn Edo (35°41′36″ N 139°47′40″ E) |
útkomst: | Súksesfolle wraak op hear Yoshinaka Kira troch de eardere samoerai fan hear Naganori Asano, resultearjend yn harren feroardieling ta seppuku. |
konfliktpartijen |
de Sânenfjirtich Rōnin |
samoerai fan Kira |
|
befelhawwers |
Yoshio Ōishi |
Yoshinaka Kira |
|
sterkte |
|
ferliezen |
0 deaden 0 ferwûnen |
19 deaden 22 ferwûnen |
|
|
|