Elf (mytysk wêzen)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In elf (froulike foarm: elvinne; meartal: elven) is in mytysk wêzen dat fan oarsprong út 'e Germaanske mytology, it Germaanske heidendom en de folkloare fan 'e Germaanske folken komt. Histoarysk bestiene der sterk útinoar rinnende foarstellings fan hoe't elven derút seagen. Hjoeddeistige folkloristen binne it der foar it meastepart oer iens dat dat komt om't de foarstellings fan elven sterk oan feroaring bleatstiene, en dêrom fan tiid ta tiid en fan plak ta plak hiel oars wêze koene. Yn 'e moderne tiid oerhearskje twa (sterk ferskillende) bylden fan 'e elf: de grappige, lytse en ûnskuldige krystelf en de elf yn fantasyfiksje, in machtich en soms driigjend wêzen mei boppeminsklike fysike krêften.