Evangeelje fan Mattéus
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Evangeelje fan Mattéus, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Ματθαῖον, to Euangelion kata Matthaion (mar meastentiids koartwei Mattéus neamd), is in evangeelje dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it earste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan Markus en Lukas ien fan 'e trije synoptyske evangeeljes. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste Fryske oersetting fan it Evangeelje fan Mattéus ferskynde yn 1858 fan 'e hân fan Joast Hiddes Halbertsma.
Fluch de feiten
Evangeelje fan Mattéus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εὐαγγέλιον κατὰ Ματθαῖον (Euangelion kata Matthaion") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 70 – 80 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | gjint (is 1ste diel fan it N.T.) | |
● folgjend diel | Evangeelje fan Markus | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Ewangeelje fen Matthewes | |
publikaasje | 1858, Londen | |
oersetter | Joast Hiddes Halbertsma |
Slute