Fadrique Álvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva
From Wikipedia, the free encyclopedia
Don Fadrique Álvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva (Lissabon, 21 septimber 1537 – dêre, 11 desimber 1583) wie in Spaansk ealman en fjildhear fan Kastyljaansk komôf. Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fadrique Álvarez de Toledo y Enríquez de Guzmán, 4e hartoch fan Alva, hartoch fan Huéscar, markys fan Coria, hear fan Vadecorneja, grutkommandeur yn 'e Oarder fan Calatrava, grande fan Spanje. Yn 'e Nederlânske skiednis waard er lykwols better bekend as don Freark (Nederlânsk: don Frederik). Hy wie de soan fan don Fernando Álvarez de Toledo, 3e hartoch fan Alva, dy't fan 1566 oant 1573 lânfâd fan 'e Nederlannen wie. As militêr oanfierder foar syn heit joech don Freark lieding oan in bloedige en ûnmeilydsume kampanje om 'e Opstân yn 'e Nederlannen te ûnderdrukken.
don Fadrique Álvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Fadrique Álvarez de Toledo y Enríquez de Guzmán, 4e hartoch fan Alva | |
bynamme | don Freark | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 21 septimber 1537 | |
berteplak | Lissabon (Keninkryk Portegal) | |
stoarn | 11 desimber 1583 | |
stjerplak | Lissabon (Keninkryk Spanje) | |
etnisiteit | Kastyljaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1567 – 1573 | |
yn tsjinst fan | Keninkryk Spanje | |
legerûnderdiel | leger | |
befel | Leger fan Flaanderen | |
konflikt(en) | Tachtichjierrige Oarloch | |
treffen(s) | fjildtocht fan don Freark ● Spaanske Fuery fan Mechelen ● Ynname fan Dyst ● Werynname fan Roermond ● Bloedbad fan Sutfen ● Bloedbad fan Naarden ● Belis fan Haarlim ● Belis fan Alkmar |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Fadrique. De earste efternamme (fan heitekant) is Álvarez de Toledo, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Enríquez de Guzmán. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Álvarez de Toledo of oars Álvarez de Toledo y Enríquez de Guzmán brûkt wurde.