Fokker 100
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fokker 100 is it grutste ferkearsfleantúch dat Fokker boud hat. De masine is ornearre foar koarte ôfstannen en hat plak foar sa'n hûndert passazjiers.
Mear ynformaasje Rol, Makker ...
Fokker 100 | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleantúch |
Makker | Fokker |
Earste flecht | 30 novimber 1986 |
Yn tsjinst | 5 april 1988 (by Swissair) |
Status | Yn tsjinst |
Tal makke | 283 (1986-1997) |
Grutste brûkers | Austrian Airlines, Alliance Airlines, Avianca Brazil, Iran Air (yn 2013) |
Fariant | Fokker 70 |
Slute
De Fokker 100 is feitlik in ferlingde en yngeand modernisearre fariant fan de âldere F28 Fellowship. Fokker hat by de '100' ûnder mear de fleugel oanpast en de spanwiidte fergrutte, in glass cockpit oanbrocht en keazen foar nije motors. De motors binne fan it type Rolls-Royce Tay, dy't ôflaat binne fan de Spey, dy't de F28 hat.
Fan de Fokker 100 binne der oant de delgong fan it fabryk yn 1996 totaal 283 levere. Augustus 2009 wiene noch 229 Fokker 100's yn it wurk by 47 loftfeartmaatskippijen. De Fokker 100 tsjinne as útgongspunt foar de koartere Fokker 70.