Gastritis
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gastritis is in ûntstekking fan it mageslymflues. De ûntstekking kin de beskermjende wurking fan it mageslym ferminderje, wêrtroch't it maachsoer en fertarringsenzymen it maachflues oantaaste kinne. Gastritis jout in baarnderich gefoel, it 'soer' hawwe.
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Ferskaat oan faktoaren kinne in gastritis jaan, de wichtichste binne:
- Ynfeksjes, faak troch de baktearje Helicobacter pylori dy't by in soad minsken yn de mage húsmannet en ien fan mar in pear baktearjes is dy't maachsoer (sâltsoer) ferneare kinne.
- Skansearring troch gemikaliën en medisinen (NSAID's).
- Hommelse stressreaksjes
- Ymmunologyske oandwanings
Gastritis jout meast net in protte klachten, mar kin op 'e lange doer slimme gefolgen hawwe lykas in maachswolm of in swolm yn it duodenum, mar ek maachkanker.