Gerry & the Pacemakers
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gerry & the Pacemakers is in popgroep út de jierren 60 (1959-1966) mei foaroanman Gerry Marsden (1942-2021) . Neist Marsden bestie de band út Les Chadwick (bas), Arthur McMahon (artystenamme Arthur Mack) en Gerry syn broer, Freddie Marsden (drums). Fan 1961 wie Leslie Maguire de pianist.
Yn 1962 krigen Gerry and the Pacemakers in kontrakt by manager Brian Epstein, de Beatles wiene har dêr yn foargien. De band krige hits sa as Ferry Cross the Mersey en Don't Let the Sun Catch You Crying. In liet fan Rodgers & Hammerstein, You'll Never Walk Alone, dat bot yndruk makke op Marsden, neidat er de film Carousel sjoen hie yn syn jonge jierren, waard har grutste hit. It liet is faak covere en is al jierren it klupliet fan FC Liverpool; de titel fan dy hit is ek ferwurke yn it offisjele embleem fan Liverpool FC.