Grifformearde Tsjerken yn Nederlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (GKN, hjir fierders ek sa te neamen), faak oantsjut as de Grifformearde Tsjerke, of 'gewoan grifformeard' en ûnder frijmakken "synodalen" of "Grifformeard synodaal" neamd, wie oant 1 maaie 2004 (doe't it opgie yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân) in Nederlânsk grifformeard tsjerkegenoatskip. It ûntstie yn 1892 doe't twa groepen ôfskiedenen fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke by elkoar gienen:
- it grutste part fan de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Nederlân, dy't ûntstien wie út de Ofskieding fan 1834 (in tige lyts part gie allinne troch en hjit sûnt 1947 de Kristlike Grifformearde Tsjerken).
- de Nederdúts Grifformearde Tsjerke (Dolearende) dy't ûntstie út de Doleânsje yn 1886, ûnder lieding fan Abraham Kuyper.
De GKN telden nei de Vereniging fan 1892 700 pleatslike gemeenten (394 út de Ofskieding, 306 út de Doleânsje) en 370.000 leden (189.000 út de Ofskieding, 181.000 út de Doleânsje). Dat ledetal soe om 1975 útgroeie ta hast 900.000 leden (neffens de tsjerklike statistyk) en mear as 940.000 leden (neffens de folkstelling) en sakke dêrnei oant sa'n 675.000 yn begjin 2004 doe't de GKN opgiene yn de PKN.
Abraham Kuyper waard fierút de wichtichste lieder fan de GKN en joech de oanset ta de foarming fan de Grifformearde pylder. Der waarden organisaasjes oprjochte dy't in nauwe bân mei ûnderhâlden mei de Grifformearde Tsjerke, sa as bygelyks de Frije Universiteit yn Amsterdam, de Nederlandse Christelijke Radio-Vereniging (NCRV), it deiblêd De Standaard (letter Trouw) en de Anti Revolúsjonêre Partij, dy't no part fan it Kristen-Demokratysk Appèl wurden is, CDA.