Grutte of Sint-Bavotsjerke (Haarlim)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grutte of Sint-Bavotsjerke is in oan 'e hillige Bavo wijd tsjerkegebou oan 'e Grutte Merk fan 'e Noardhollânske stêd Haarlim. De midsiuwske krústsjerke waard yn 'e perioade 1370 oant 1520 boud yn it âlde sintrum fan 'e stêd. It is in goatyske tsjerke, dy't in 78 meter hege letgoatyske houten fieringtoer op it snijpunt fan it middenskip en it dwersskip hat. Oarspronklik wie de Grutte of Sint-Bavotsjerke in roomske tsjerke en pas yn 1559 waard it de katedraal fan it doe oprjochte bisdom Haarlim. Mei de reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst.
Fluch de feiten
Grutte of Sint-Bavotsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Haarlim | |
koördinaten | 52° 22' N 4° 38' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | oarspr.: Bavo fan Gint | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1370-1520 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 19264 | |
Webside | ||
Side Bavogemeente, Haarlim | ||
Kaart | ||
Slute