Hagia Sofia (Istanbûl)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hagia Sofia of de Aya Sofia (Gryksk: Ἁγία Σοφία, "Hillige Wiisheid"; Latynsk: Sancta Sophia of Sancta Sapientia; Turksk: Ayasofya) is in eardere eastersk-otterdokske basilika yn it Europeeske diel fan Istanbûl, Turkije. It wie fanôf de ynwijing yn 360 de katedraal fan Konstantinopel. Tusken 1204 en 1261 wie it de katedraal fan it Latynske Ryk. Dêrnei krige it wer in otterdokske funksje oant de stêd yn 1453 troch sultan Mehmet II ferovere waard, dy't de katedraal op 23 maaie 1453 yn in moskee feroare. It bleau in moskee oant 1934, doe't it gebou ûnder Mustafa Kemal Atatürk sekularisearre waard. Sûnt dy tiid is de Hagia Sofia in museum (Ayasofya Müzesi). It Turkske regear ûnder lieding fan presidint Recep Tayyip Erdogan stribbet der nei om der wer in moskee fan te meitjsen, in lot dat ek in tal oare histoaryske byzantynske tsjerken stiet te wachtsjen. Op oantrunen fan UNESCO binne dy plannen noch net útfierd.
Hagia Sofia
Ἁγία Σοφία / Ayasofya | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Turkije | |
plak | Istanbûl | |
adres | Cankurtaran, Ayasofya Meydanı | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | oarspronklik tsjerke, dêrnei moskee; tsjintwurdich museum | |
boujier | 532-537 | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
offisjele webside | ||
Side museum |
De Hagia Sofia stiet benammen bekend om de ûnbidich grutte koepel en wurdt beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan de Byzantynske tsjerke-arsjitektuer. De koepel hie in oarspronklike trochsnit fan 33 meter en is ek tsjintwurdich noch altiten de grutste troch mar fjouwer draachpunten droegen koepel yn de skiednis fan de arsjitektuer. De Hagia Sofia wurdt ek wol it achtste wrâldwûnder neamd.
De bou fan de Hagia Sofia hat de ûntwikkeling fan de arsjitektuer beynfloede en hast 1000 jier lang wie it de grutste katedraal fan 'e wrâld. De tsjerke rekke dy titel kwyt mei de foltôging fan de katedraal fan Sevilla yn 1520. Sûnt 641 waard de katedraal brûkt as kroaningstsjerke fan de byzantynske keizers. As katedraal fan it Oekumenyske Patriarchaat fan Konstantinopel en it plak fan tal fan wichtige eveneminten yn de skiednis spilet de tsjerke in grutte rol yn de byzantynske skiednis. Foar in soad otterdokske kristenen jildt de tsjerke ek hjoeddedei noch altiten as it grutste hillichdom.
It ûntwerp fan de katedraal is ôfkomstich fan Isidore fan Miletus, in fisikus, en Antemius fan Tralles, in wiskundige. De tsjerke besiet in tige rike samling fan reliken en hie in sulveren ikonostaze fan wol 15 meter heech.
Nei de oermastering fan Konstantinopel waard de katedraal feroare yn in haadmoskee fan de stêd en soe dat hast 500 jier bliuwe. De Hagia Sofia hie grutte ynfloed op de ûntwikkeling fan de Ottomaanske boukeunst en stie model foar de grutte imperiale moskeeën lykas de Blauwe- en de Süleymaniye-moskee.