Harry Verbeke
From Wikipedia, the free encyclopedia
Harry Verbeke (Ljouwert, 11 april 1922 - Haarlim, 27 jannewaris 2004) wie in tenor saksofonist. Hy is de broer fan muzikanten Eddy Verbeke (bassist) en Joop Verbeke. Harry groeide op yn de Ljouwerter Stellingwerfstrjitte en ferhuze letter nei Haarlim. Hy learde himsels saksofoan spyljen yn in kleankast fan syn âldershûs, want "de Dútske besetter mocht net oer jazz en saksofoans". Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide Verbeke út ta ien fan de grutte tenoarsaksofonisten fan Nederlân en Europa.