Hartemûs
From Wikipedia, the free encyclopedia
De hartemûs (Latynske namme: Peromyscus maniculatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dizze soarte komt yn Noard-Amearika rûnom foar en hat feitlik de meast algemiene fersprieding fan alle Neotominae. Fan 'e hartemûs binne 66 ûndersoarten bekend. Dit bist wurdt ek faak brûkt as proefdier yn laboratoaria, mei't er tige skjin op himsels is en maklik te fersoargjen is.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
hartemûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Peromyscus maniculatus | ||||||||||||
Wagner, 1845 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Slute