Hendrik Conscience
From Wikipedia, the free encyclopedia
Henri (Hendrik) Conscience (Antwerpen, 3 desimber 1812 – Elsene, 10 septimber 1883) wie in Flaamsk skriuwer. De bejeftige Conscience wurke him op ta in Flaamsk folksskriuwer. Der wurdt fan him sein dat er de man was die zijn volk leerde lezen
Middels syn 'skilderjende' taal besocht er it folk op te bringen en te ûnderrjochtsjen. Alhoewol't Conscience pro-Belgysk wie, die út syn skriuwerij bliken dat er bot foar Flaanderen wie. De leeuw van Vlaanderen, syn populêrste wurk, waard ferfilme troch Hugo Claus.
Njonken skriuwer wie er ek bestjoerder, griffier, redakteur, arrondissemintskommissaris en bewarder fan museums.