Hindrik VIII fan Ingelân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hindrik VIII (Greenwich, 28 juny 1491 – Westminster, 28 jannewaris 1547) wie kening fan Ingelân en Ierlân, stamde út it hús Tudor, en wie in soan fan Hindrik VII fan Ingelân. Hindrik stiet bekend as it prototype fan de selsbewuste renêssânse foarst, de ôfskieding fan de Ingelske tsjerke fan de tsjerke fan Rome, syn skrikbewâld en om syn seis froulju.
Hindrik woe fan Ingelân in sterk lân meitsje dat in grutte rol spylje soe yn de Jeropeeske polityk. Hy wie yntelligint en ynteressearre him foar keunst en wittenskip. Hy waard ek beskôge as leafdeleas, egoïstysk en wreed. Tsjinstribbers, oare helten, of tsjinners dy’t him yn de wei stienen romme hy út de wei.