Horrible Bosses
From Wikipedia, the free encyclopedia
Horrible Bosses is in Amerikaanske swarte komeedzje út 2011 ûnder rezjy fan Seth Gordon, mei yn 'e haadrollen Jason Bateman, Charlie Day en Jason Sudeikis. De titel betsjut "Ferskriklike Bazen". It ferhaal giet oer trije freonen dy't alle trije ûnder in freeslike baas wurkje moatte. Dyselden ûntnimme har alle libbensfreugde, en fanwegen de Bankekrisis kinne se ek net maklik ûntslach nimme en in oare baan bemachtigje. Harren oplossing foar it probleem is dêrom om harren respektivelike bazen te fermoardzjen. Horrible Bosses krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 2014 ferskynde in ferfolchfilm ûnder de titel Horrible Bosses 2.
Fluch de feiten
Horrible Bosses | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Seth Gordon | |
produsint | Brett Ratner Jay Stern | |
senario | Michael Markowitz John Francis Daley Jonathan Goldstein | |
kamerarezjy | David Hennings | |
muzyk | Christopher Lennertz | |
filmstudio | New Line Cinema RatPac Entertainment | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Jason Bateman Charlie Day Jason Sudeikis | |
byrollen | Kevin Spacey Jennifer Aniston Colin Farrell Jamie Foxx | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 juny 2011 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | swarte komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 98 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $35-37 miljoen | |
opbringst | $209,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Horrible Bosses | |
● folgjend diel | Horrible Bosses 2 |
Slute