Huginn en Muninn
From Wikipedia, the free encyclopedia
Huginn (Aldnoarsk foar "tins"; útspr.: [ˈhuɡinː], likernôch: "hû-gyn") en Muninn (Aldnoarsk foar "ûnthâld" of "ferstân"; útspr.: [ˈmuninː], likernôch: "mû-nyn") binne yn 'e Noardske mytology in pear alwittende ravens dy't sterk assosjearre wurde mei de god Odin. Harren nammen, wêrfan't de stavering soms (fral yn it Ingelsk) ferienfâldige wurdt ta Hugin en Munin, binne oerlevere yn ferskate Aldiislânske boarnen. De beide fûgels fleane oer hiel Midgard (d.w.s. de minskewrâld), en foarsjogge Odin oanhâldend fan ynformaasje oer alles. Huginn en Muninn hearre ta de selskipsdieren fan Odin, yn 'e mande mei de achtskonkige hynst Sleipnir en de wolven Geri en Freki.
Fluch de feiten
Huginn en Muninn | ||
De god Odin mei de ravens Huginn en Muninn en de wolven Geri en Freki. (Yllustraasje út 1882 troch Carl Emil Döpler.) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | ûnbekend | |
soarte personaazje | ravens | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Odin Sleipnir Geri en Freki |
Slute