Huntington Beach (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Huntington Beach, gauris ôfkoarte ta H.B., is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn Orange County yn 'e regio Súdlik Kalifornje. It stiet fral bekend as ien fan 'e bêste plakken yn 'e Feriene Steaten om te surfen. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Huntington Beach doe krapoan 190.000 ynwenners, wêrmei't it yn grutte de fjirde stêd fan Orange County is (nei Anaheim, Santa Ana en Irvine) en de sechstjinde fan Kalifornje. Huntington Beach heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking hat fan goed 12,8 miljoen minsken.
Fluch de feiten
Huntington Beach | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Orange County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 189.992 (2010) | |
Oerflak | 82,6 km² (ynkl. wetter) 69.3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.300,8 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 12 m | |
Oar | ||
Stifting | 1905 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 33°41′34″N 118°00′01″W | |
Offisjele webside | ||
www.huntingtonbeachca.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Huntington Beach yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute