Jamestown (Sint-Helena)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jamestown is de haadstêd fan it Britske oerseeske gebiet Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha en teffens it haadplak fan it eilân Sint-Helena. Jamestown waard yn 1659 fanwege de Britske East-Yndyske Kompanjy stichte. De stêd waard ferneamd nei Jakobus II fan Ingelân. Yn 1673 wie de stêd in skoftke beset troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy.
Fluch de feiten
Jamestown City of James Town | ||
De stêd fan boppe ôf sjoen (1985) | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Britsk oerseesk gebietsdiel | Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha | |
Eilân | Sint-Helena | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 630↓ (2016) | |
Oerflak | 3,6 km² | |
Befolkingsticht. | 198,3/km² | |
Oar | ||
Stifting | 1659 1859 (stedsdistrikt) | |
Tiidsône | UTC+0 |
Slute
Jamestown bestiet min ofte mear út in haadstrjitte dy't tusken twa steile hichte rint en dy't de natuerlike haven mei it oarepart fan it eilân ferbynt. Ein jierren 90 hie de stêd sa'n 850 ynwenners, mar yn 2016 wiene dat der noch 630.
De stêd spile yndertiid in rol yn it bestriden fan de slavehannel troch de Britske marine, de Royal Navy.