Jeremy Wotherspoon
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jeremy Wotherspoon (Humbolt, Saskatchewan, 26 oktober 1976) is in earder Kandadeesk reedrider. tsien jier lang, wie Wotherspoon ien fan de bêste sprinters fan de wrâld.
Fluch de feiten
Jeremy Wotherspoon | ||
sporter | ||
Jeremy Wotherspoon (2008) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jeremy Wotherspoon | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
bertedatum | 26 oktober 1976 | |
berteplak | Humbolt | |
lingte | 1.90 m | |
gewicht | 85 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Nagano 1998, Salt Lake City 2002, Turyn 2006, Vancouver 2010 | |
debút | 1995 | |
karriêre-ein | 2010 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x sulver Olympyske Spullen 1998 4x goud WK Sprint 1999, 2000, 2002, 2003 4x sulver WK Sprint 1998, 2004, 2005, 2008 1x brûns WK Sprint 2001 |
Slute
Hy die alve kear mei oan it Wrâldkampioenskip Sprint, en fjouwer kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1998, 2002, 2006 en 2010). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, en helle op de Olympyske Spullen in sulveren medalje op de 500 meter. Nei de spullen fan 2010 hold Wotherspoon op mei it reedriden op heech nivo. Dernei waard er trainer earst by de reedriidakademy yn Inzell, en letter as sprint-trainer foar de Noarske nasjonale ploech. Wotherspoon boaske mei de eardere reedrydster Kim Weger mei wa't er in dochter hat.