Wetterscooter
From Wikipedia, the free encyclopedia
In wetterscooter, ek skreaun as wetterskûter, en better bekend as in jetsky, is in behindich soarte motorisearre fartúch oandreaun troch in wetterjetmotor, dat men oerskrank sittend 'beriidt'. De gebrûklike oantsjutting, jetsky, is in heale lienfertaling fan it Ingelske jet ski, dat eins in auteursrjochtlik beskerme merknamme en in registrearre hannelsmerk is (te witten fan 'e Kawasaki Jet Ski, dy't yn 1972 op 'e merk kaam). De minder bekende algemien namme wetterscooter is basearre op 'e gelikensens fan dit type fartúch mei de 'gewoane' scooter, in motorfyts, bromfyts of snorfyts mei lege opstap op lytse, brede tsjillen. Yn Nederlân hat men ferlet fan in lyts farbewiis 1 om in wetterscooter bestjoere te meien.