Jezus (histoarysk)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jezus fan Nazaret (Arameesk: ישוע Jesjûa of Jesjû`, Gryksk: Ἰησοῦς Jésous; Nazaret (?), om 5 f.Kr. hinne - Jeruzalim, om 30 n.Kr.) wie in Joadske profeet. Fan likernôch 28 n.Kr. ôf wurke er yn Gailléa en Judea. Op oarder fan de Romeinske prefekt Pontius Pilatus waard er yn 30 (of 33) n.Kr. troch Romeinske soldaten krusige.
Jezus (histoarysk) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jehosjûa, Jesjûa | |
oare namme | Jezus Kristus, Jezus fan Nazaret | |
berne | om 5 f.Kr. hinne | |
berteplak | Nazaret | |
stoarn | om 33 n.Kr. hinne | |
stjerplak | Jeruzalim | |
etnisiteit | Joadsk | |
reg. identiteit | Galileesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | profeet | |
jierren aktyf | 30-33 | |
reden bekendheid | It grûnwurk fan it kristendom leit op de ferhalen fan Jezus yn it Nije Testamint |
De histoaryske Jezus is de rekonstruksje fan it libben en wurk fan Jezus fan Nazaret troch histoarysk-krityske metoaden, foar de kristlike Jezus en kristlike skriften oer. It sjocht ek neiit histoarysk en kultureel ferbân dêr't er yn libbe.
Sa goed as alle deskundigen binne it deroer iens dat Jezus bestean hat. Rekonstruksjes fan de histoaryske Jezus lizze op it grûnwurk fan de Brieven fan Paulus en de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint, wylst der ferskate boarnen om utens bestean dy't tsjûgje fan it bestean fan de histoaryske Jezus.
Deskundigen binne it lykwols net meiïnoar iens oer it leauwen en it wurk fan Jezus en de sekuerens fan de Bibelske skriften. Twa foarfallen binne se it al oer iens; dat Jezus doopt waard troch Jehannes de Doper en de Krusiging fan Jezus op oarder fan Pontius Pilatus. Guon bestride it idee dat er in Galileeske Joad wie en dat er yn in snuorje messiaanske en apokalyptyske ferwachtings libbe. Guon deskundigen kenne de apokalyptyske ferklearrings oan himta, wylst oaren syn Keninkryk fan God as in morelen ien, ynstee fan in apokalyptysken ien, beskriuwe.
Ek binne deskundigen it der net oer iens hoe't se Jezus omskriuwe moatte. Sokke omskriuwings binne ûnder oaren oft er in profeet, garismatyske genêzer, synyske filosoof, Joadske Messias of rabby.