Judas Priest
From Wikipedia, the free encyclopedia
Judas Priest is in Ingelske metalband oprjochte yn 1969 yn Birmingham. Judas Priest begûn ûnder de namme Freight. Fan 1970 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Judas Priest. 1973 ferliet sjonger Al Atkins de band en syn ferfanger waard fûn yn Rob Halford. De band brocht yn 1974 syn debútalbum Rocka Rolla út. De teksten fan de band gean benammen oer skiednis, allegory, tsjustere fantasy en science fiction. Rob Halford ferliet yn 1991 Judas Priest foar in solo-aventoer hy waard ferfongen troch Ripper, Halford kaam yn 2003 wer werom. Yn 2018 waard bekend dat gitarist Glen Tipton de sykte fan Parkinson hat, en net mear mei op toernees sil, by toernee's wurdt Tipton ferfongen troch Andy Sneap earder fan Hell. Judas Priest hat achttjin studio-albums en sân live-albums útbrocht.
Judas Priest | ||
band | ||
Judas Priest yn 2018 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1969 – No | |
label(s) | Columbia, CBS, Steamhammer, Epic, Sony | |
âld-leden | John Ellis drums (1969-1971) K. K. Downing gitaar (1969-2011) Al Atkins sang (1969-1973) Skip drums (1971-1972) (1975-1977) Congo drums (1972-1973) John Hinch drums (1973-1975) † Les Binks drums (1977-1979) Dave Holland drums (1979-1989) † Ripper sang (1996-2003) | |
leden | ||
Sang | Rob Halford | |
Gitaar | Glenn Tipton | |
Gitaar | Richie Faulkner | |
Bas | Ian Hill | |
Drums | Scott Travis |