Kanadeeske bever
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kanadeeske bever (Latynske namme: Castor canadensis), inkeld ek wol de Noardamerikaanske bever neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e bevereftigen (Castoridae) en it skaai fan 'e bevers (Castor), dat nau besibbe is oan 'e Jeraziatyske bever (Castor fiber), de iennichste oare libbene beversoarte. De Kanadeeske bever is lânseigen is yn Noard-Amearika, mar libbet no ek yn dielen fan Jeropa en Súd-Amearika. Yn 'e Benelúks komt er lykwols net foar. Men is fan tinken dat de Kanadeeske bever ôfstammet fan 'e Jeraziatyske bever, en Noard-Amearika fia de Beringstrjitte berikt hawwe moat. De ierste fossilen fan bevers yn Noard-Amearika, dy't yn Oregon fûn binne, datearje fan 7 miljoen jier tebek. De Kanadeeske bever is ien fan 'e nasjonale symboalen (it nasjonale sûchdier) fan Kanada.
Kanadeeske bever | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Castor canadensis | ||||||||||||
Kuhl, 1820 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Lânseigen fersprieding yn Noard-Amearika. Wrâldwide fersprieding fan 'e Kanadeeske bever: lânseigen fersprieding troch de minske yntrodusearre as eksoat |