Karasee
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Karasee of Karyske See (Russysk: Ка́рское мо́ре) is in part fan de Noardlike Iissee, leit benoarden Sibearje, en wurdt begrinzge troch de Karyske Poarte en de Noardlânarsjipel.
Fluch de feiten
Karasee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Nova Sembla, Noardlân en it fêstelân fan Sibearje | |
lân | Ruslân | |
koördinaten | 70° N, 77° E | |
ûnderdiel fan | Noardlike Iissee | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.450 km | |
maks. breedte | 970 km | |
oerflak | 880.000 km² | |
djiptegemiddelde | 110 m | |
djipste punt | 620 m | |
wetterfolume | 121.000 km³ | |
Eilannnen en eilannegroepen yn de Karasee. |
Slute
De see is sa'n 1450 kilometer lang en 970 kilometer breed. De trochsneed djipte is 110 meter. De Karasee wurdt fan farsk wetter foarsjoen troch de rivieren de Ob, de Jenisej, de Pjasina en de Taimyra. Dêrtroch is it sâltgehalte fan it seewetter wikseljend. De see is twa moanne fan it jier beferzen.
De wichtichste havens binne de Novy Port en Dikson, en de see hat wichtige fiskgrûnen. Der sitte mooglik oaljereserves of ierdgas yn de grûn, mar dit moat noch út fierder ûndersyk bliken dwaan.