Kartago
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kartago (Gryksk: Καρχηδών: Kargedon, fan Punyske Kart-hadasht, dat 'nije stêd' betsjut, Arabysk: قرطاج of قرطاجة, Latyn: Carthago) wie in stêd yn de 'âldheid, tichtby it hjoeddeiske Tunis yn it gebiet dat troch de Romeinen Afrika neamd waard. De stêd lei oan de eastkant fan de mar Tunis, foar it sintrum fan de nije haadstêd fan Tuneezje, Tunis, oer.
Yn de Aldheid wie Kartago de haadstêd fan it Kartaachske Ryk, dêr't de ynwenners fan troch de Romeinen Púnjers (Latyn: Punici) neamd waarden. Fan de fyfde iuw f.Kr. ôf waard it de machtichste hannelstêd yn it Middellânske Seegebiet en yn de tredde iuw f.Kr. in grutte rivaal fan Rome. Nei de Punyske oarloggen waard Kartago yn 146 f.Kr. troch de Romeinen ferwoastge en waard de stêd part fan de Romeinske provinsje Afrika. Kartago waard troch de Romeinen wer opboud en it woeks út ta de twadde stêd fan it Romeinske Ryk. De stêd waard foargoed ferwoastge yn 698 n.Kr. by de islamityske oermastering fan de Magreb.
De ruïnen fan Kartago lizze likernôch 10 kilometer eastnoardeastlik fan Tunis en is in UNESCO-Wrâlderfgoed.