Kasem Soleimani
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kasem Soleimani (Perzysk: قاسم سلیمانی, sekuere transliteraasje: Qāsem Soleimānī, útspr.: [ˈɢɒːsemə solei̭ˈmɒːniː], likernôch: "gâ-see-muh soo-lei-mâ-nii") (Kanat-e Malek 11 maart 1957 – Bagdad, 3 jannewaris 2020) wie in Iraansk generaal en de kommandant fan 'e Kuds Striidkrêften, in wichtige ôfdieling fan 'e tige ynfloedrike Iraanske Revolúsjonêre Garde. Hy begûn syn militêre karriêre yn 'e Iraansk-Iraakske Oarloch fan 'e 1980-er jierren. Nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11 wied er belutsen by it ûnder fuotten heljen fan it rezjym fan 'e Taliban yn Afganistan. Letter hie Soleimani in liedende posysje yn 'e Syryske Boargeroarloch en de Oarloch tsjin IS. Begjin jannewaris 2020 waard er fermoarde by in doelrjochte drone-oanfal troch de Feriene Steaten.
Kasem Soleimani | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | قاسم سلیمانی, Qāsem Soleimānī | |
nasjonaliteit | Iraansk | |
berne | 11 maart 1957 | |
berteplak | Kanat-e Malek (Iraan) | |
stoarn | 3 jannewaris 2020 | |
stjerplak | Bagdad (Irak) | |
etnisiteit | Perzysk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1979 – 2020 | |
yn tsjinst fan | Islamityske Republyk Iraan | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Revolúsjonêre Garde | |
heechste rang | generaal-majoar (sûnt 2011) | |
befel | Kûds Striidkrêften | |
konflikt(en) | Koerdyske Opstân Iraansk-Iraakske Oarloch Oarloch yn Afganistan Oarloch tusken Israel en Hezbollah (2006) Syryske Boargeroarloch Oarloch tsjin IS | |
treffen(s) | Operaasje Tarik-ol-Kods Operaasje Fat-ol-Mobin Slach om Al-Kûsayr (2013) Slach om Aleppo Hama-offinsyf (2017) Belis fan Amirli Operaasje Asjoera Befrijing fan Tikrit | |
ûnderskiedings | Oarder fan Zolfaghar 3 × Oarder fan Fath |