Keninkryk Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Keninkryk Skotlân (Skotsk-Gaelysk: Rhìoghachd na h-Alba; Skotsk: Kinrick o Scotland) wie in ûnôfhinklike steat yn Noardwest-Jeropa dy't neffens de tradysje stifte wie yn 843. Yn 't earstoan wie dit lân beheind ta in diel fan it tsjintwurdige Skotlân, mar meitiid wreide it him fierder út oant it yn 1472, mei de anneksaasje fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, de foarm fan it hjoeddeistige Skotlân berikte. Yn 1707 gie it Keninkryk Skotlân mei syn súdlike buorsteat, it Keninkryk Ingelân, op yn it feriene Keninkryk Grut-Brittanje, dat him yn 1801, troch de tafoeging fan Ierlân, ûntjaan soe ta it Feriene Keninkryk.
Fluch de feiten Keninkryk Skotlân Rhìoghachd na h-Alba (Skotsk-Gaelysk) Kinrick o Scotland (Skotsk), 843 – 1707 ...
Keninkryk Skotlân Rhìoghachd na h-Alba (Skotsk-Gaelysk) Kinrick o Scotland (Skotsk) | |
---|---|
843 – 1707 | |
flagge | wapen |
Skotsk: In My Defens God Me Defend ("Yn Myn Noed Sil My God Ferdigenje") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Edinburch |
offisjele taal | Skotsk-Gaelysk (743-1495) Skotsk (1495-1707) |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | ● Keninkryk Dalriada ● Keninkryk Gallowegen ● Keninkryk f.d. Pikten ● Keninkryk Strathclyde ● Keninkryk Noardumbrje |
opgien yn | Keninkryk Grut-Brittanje |
no diel fan | it Feriene Keninkryk |
sifers | |
ynwennertal | 500.000 (1500) 1.235.000 (1700) |
befolkingstichtens | 6,4 / km² (1500) 15,8 / km² (1700) |
oerflak | 78.387 / km² (fan ôf 1472) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Skotsk pûn |
Slute