Klaudius
From Wikipedia, the free encyclopedia
Klaudius Caesar Augustus Germanikus, koartsein keizer Klaudius I (1 augustus 10 f.Kr. - 13 oktober 54 n.Kr. wie nei Augustus de tredde keizer ("princeps") fan it Romeinske Ryk. Syn foargonger wie keizer Kaligula, dy't yn 41 fermoarde waard. Klaudius wie in omke fan Kaligula, en al goed fyftich jier doe't er it keizerskip krige.