Kleverlânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Kleverlânsk of Súdgeldersk is in dialektekloft yn de Nederfrankyske taalfamylje dy't yn parten fan 'e Nederlânske provinsjes Gelderlân, Noard-Brabân en Limburch en de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen sprutsen wurdt. De dialektekloft is neamd nei it Kleverlân, dêr't it grutste part fan it dialekt sprutsen wurdt. De dialektekloft grinzget yn it suden oan it Limburchsk, yn it westen oan it Brabânsk, yn it noarden en noardeasten oan it Nedersaksysk, en yn it súdeasten oan it Eastbergysk dêr't er nau besibbe mei is en dêr't er de Noardnederfrankyske dialektekloft mei foarmet. Mei alle groepen besteane oergongsgebieten, dus is part fan in dialektkontinuum.
Kleverlânsk Kleverlands/Kleverländisch | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardnederfrankysk, Súdgeldersk | |
lânseigen yn | Dútslân, Nederlân | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nederfrankysk - Nederfrankysk - Kleverlânsk | |
dialekten | Kleefsk, Gochsk, Rheinbergsk, Straelensk, Kevelaersk, Meursk, Duisburgsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Kleverlânsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nederfrankysk; op himsels genietet it gjin erkenning | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | n.f.t. |
Nijsgjirrich dat yn it Dútske part it Nederlânsk fan de 17e oant en mei de 19e iuw de bestjerstaal wie. Letter waard dat sa stadichoan ferfongen troch it Heechdútsk. Oant yn de iere 20e iuw waard it Nederlânsk as tsjerketaal brûkt. Yn 1936 ferbea Adolf Hitler it brûken fan it Nederlânsk.