Kommandeur (militêre rang)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In kommandeur is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is brigadegeneraal, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is commodore. De oansprektitel fan in kommandeur is "kommandeur". De boppelizzende rang is skout-by-nacht, en de ûnderlizzende rang is kaptein-op-see. Dêrmei is de kommandeur de leechste opperofsiersrang.