Krêft
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yn de natuerkunde is de krêft dy't de beweging fan in foarwerp feroarje kin. In krêft kin in foarwerp mei massa syn foarm en faasje feroarje. Troch it wurkjen fan in krêft kin der arbeid dien wurde. Krêften kinne neamd wurde nei de wurking dy't se op in foarwerp hawwe, lykas lûkkrêft, driuwkrêft en dwerskrêft Krêften kinne ek neamd wurde nei harren oarsaak of wurking, lykas swiertekrêft, wriuwingskrêft en midpuntsykjende krêft.
In krêft kin oerbrocht wurde troch kontakt tusken foarwerpen of dieltsjes dy't yn in fêste, floeibere, gasfoarmige aggregaasjetastân binne of troch in krêftefjild. Dy krêftefjilden binne yn de klaasike natuerkunde elektromagnetysk of gravitasjoneel.