Krieë Yndianereservaat
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Krieë Yndianereservaat (Ingelsk: Crow Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Dit reservaat waard yn 1868 stifte as útfloeisel fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie. It omfiemet û.m. it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan Montana. Behalven de Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, fûn op it grûngebiet fan it reservaat yn 1887 ek de Krieë-Oarloch plak. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling út 2000 wennen der doe likernôch 6.900 minsken yn it reservaat. It haadplak is it doarp Crow Agency.
Fluch de feiten
Krieë Yndianereservaat Crow Indian Reservation | ||
De prêrje yn 'e neite fan it Slachfjild oan de Little Bighorn yn it noarden fan it Krieë Yndianereservaat. | ||
polityk | ||
haadplak | Crow Agency (Montana) | |
stamme | Krieë Stamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Montana | |
county | Big Horn County Yellowstone County Treasure County | |
sifers | ||
ynwenners | 6.900 (2000) | |
oerflak | 9.340,9 km² | |
bef.tichth. | 0,7 / km² | |
oar | ||
stifting | 1868 | |
tiidsône | UTC –7 | |
simmertiid | UTC –6 | |
webside | www.crowtribe.com | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Montana: it Krieë Yndianereservaat is werjûn yn read. |
Slute