Kull the Conqueror
film út 1997 fan John Nicolella / From Wikipedia, the free encyclopedia
Kull the Conqueror is in Amerikaansk-Italjaanske fantasy-aventoerefilm út 1997 ûnder rezjy fan John Nicolella, mei yn 'e haadrollen Kevin Sorbo, Tia Carrere en Karina Lombard. De titel betsjut "Kull de Feroverder". De film is loskes basearre op ferskate aventoeren fan 'e helden Conan de Barbaar en Kull fan Atlantis, út it wurk fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard. It ferhaal folget de barbaar Kull, dy't it keningskip oer it beskaafde ryk Valusia bemachtiget. In gearspanning mank de Valusyske adel besiket him ûnder fuotten te heljen, en dêrfoar wekje de gearspanners de heks Akivasha fan Acheron op út 'e dea. Hja lêst lykwols út har eigen skript, ta ûntsteltenis fan 'e eallju. It senario fan Kull the Conqueror wie oarspronklik skreaun foar de nea makke trêde Conan-film en waard tsien jier letter recycle foar in film oer Kull fan Atlantis. Fan 'e filmkritisy krige Kull the Conqueror oer it algemien negative resinsjes. Yn 'e bioskopen spile de film mar krekt kyt.
Kull the Conqueror | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Nicolella | |
produsint | Raffaella De Laurentiis | |
senario | Charles Edward Pogue | |
basearre op | Kull fan Atlantis fan Robert E. Howard | |
kamerarezjy | Rodney Charters | |
muzyk | Joel Goldsmith | |
filmstudio | Dino De Laurentiis Cinema- tografica | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Kevin Sorbo Tia Carrere Karina Lombard | |
byrollen | Thomas Ian Griffith Litefoot Edward Tudor-Pole Harvey Fierstein Roy Brocksmith | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Itaalje | |
premiêre | 29 augustus 1997 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasy-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $20 miljoen | |
opbringst | $22 miljoen |