Laura Prepon
From Wikipedia, the free encyclopedia
Laura Prepon (Watchung (New Jersey), 7 maart 1980) is in Amerikaansk aktrise. Sy is it meast bekend fan har rol as de moaie, 'feministyske' Donna Pinciotti yn That '70s Show.
Har karriêre sette útein yn 1995 mei in reklamespotsje foar WorldCom. Yn 1996 studearre sy drama by Caroline Thomas oan it Thomas' Total Theatre Lab. Eardat sy meidie oan That '70s Show, arbeide hja as model yn Parys, Milaan en Brazylje. Fierders wie hja twa kear te sjen op it omslach fan it tydskrift Maxim, ienris mei har eigen reade hier en in kear mei blond ferve hier. Ek hie sy in gastoptreden mei allinne har stim yn it kompjûterspul Halo 2 as United Nations Space Command marinier.