Liguerje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Liguerje (Italjaansk: Liguria; Liguerysk: Ligûria) is in regio dy't oprjochte waard yn 1859. De regio leit oan de kust fan it noardwesten fan Itaalje en de op twa nei lytste. It grinzet yn it westen oan Frankryk, en oan de Italjaanske regio's Piëmont yn it noarden en yn it easten Emilia-Romagna en Toskane. De namme Liguria komt út de pre-Romeinske tiid.
Liguerje | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Genua |
Oerflakte | 5410 |
Befolking | 1.760.000 |
Befolkingstichtens | 330 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Saccarello: 2200 |
Oantal gemeenten | 235 |
Provinsjes | Genua, Imperia, La Spezia, Savona |
Liguerje leit oan de Golf fan Genua, dat in part is fan de Ligueryske See, wat wer it noardlikste stik is fan de Middellânske See.De kuststripe wurdt ek wol de Ligueryske kust neamd. In oare namme is de Italjaanske of blommeriviêra, dêr't tal fan aardige kustplakjes lizze.
Om-ende-by de helte fan it lânoerflak is begroeid mei bosk. Fan de befolking wennet 50 % yn ien fan de fjouwer provinsjehaadstêden. It oare part fan de befolking wennet yn haadsaak ticht by de kust. It bercheftige binnenlân is tin befolke.