Mad Max 2
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mad Max 2, ek wol bekend as Mad Max 2: The Road Warrior (en oarspronklik yn 'e Feriene Steaten útbrocht as The Road Warrior), is in Australyske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm en neo-western út 1981 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson en Bruce Spence. De titel betsjut "Mâle Max 2: De Snelweikriger". It is it twadde diel fan 'e Mad Max-searje, nei Mad Max út 1979. It ferhaal fan 'e film giet oer âld-plysjeman Max Rockatansky, dy't nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer allinnich omdoarmet yn 'e Australyske woastyn. Hy moetet in groep kolonisten dy't oer ierdoalje beskikke en dêrom belegere wurde troch in kliber ûnmeilydsume banditen. Troch omstannichheden dreaun, jout Max him by harren en helpt harren oan 'e fijân te ûntkommen. Mad Max 2 waard yn 1981 rûnom priizge troch filmkritisy, berikte al rillegau de status fan cultklassiker en wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms en ien fan 'e bêste ferfolchfilms ea makke. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen en wûn in Saturn Award en fiif AACTA Awards. In trêde diel yn deselde searje, Mad Max Beyond Thunderdome, kaam út yn 1985.
Mad Max 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Miller | |
produsint | Byron Kennedy | |
senario | Terry Hayes George Miller Brian Hannant | |
kamerarezjy | Dean Semler | |
muzyk | Brian May | |
filmstudio | Kennedy Miller Productions | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Mel Gibson Bruce Spence | |
voice-over | Harold Baigent | |
byrollen | Vernon Wells Kjell Nilsson Emil Minty Michael Preston | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Austraalje | |
premiêre | 24 desimber 1981 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $6,7 miljoen | |
opbringst | $39,7 miljoen (Austr. & Noard-Am.) | |
prizen | 1 × Saturn Award 5 × AACTA Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Mad Max | |
● foarich diel | Mad Max | |
● folgjend diel | Mad Max Beyond Thunderdome |