Maimonides
From Wikipedia, the free encyclopedia
Maimonides, ek ferneamd as de Rambam, (Hebriuwsk: Rabbi Mosjé ben Maimon; Arabysk: Moesa ibn Maimon) (Kordoba (Spanje), 30 maart 1135 – Fostat (Kairo), 13 desimber 1204) wie in rabbyn, gelearde, filosoof en dokter. Hy wurdt beskôge as de meast wichtige rabbyn út it post-Talmoedysk joadendom. Oant de dei fan hjoed hat syn filosofysk wurk grutte ynfloed op it joadske tinken, mar ek bûten de joadske wrâld.