Makkabeeërs
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Makkabeeërs (Hebriuwsk: מכבים of מקבים, Maqabim; Latyn: Machabaei of Maccabaei; Gryksk: Μακκαβαῖοι, Makkabaioi), wiene in groep Joadske rebellieders dy't de macht yn Judeä oernamen, dat dêrfoar part fan it Seleusidyske Ryk wie. Hja wiene de stifters fan de Hasmoneeske dynasty, dy't fan 167 f.Kr. oant 37 f.Kr. oer Judeä hearsken. Hja befêstigen it Joadske leauwe fannijs, foar in part ôftwongen, en wreiden it Joadske gebiet út troch it oermasterjen fan omlizzene gebieten. Hja besochten de hellenistyske ynfloed op it joadendom werom te kringen.