Mar fan Tibearias
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Mar fan Tibearias (Hebriuwsk: ים כנרת - Mar fan Kinneret), ek faak Mar fan Galileä of Mar fan Genezareth (of Gennesaret), is in mar yn Israel neamd nei de stêd Tibearias, it grutste plak oan de mar. De mar hat in oerflakte fan 165 km² en in maksimale djipte fan 46 meter. De hichte fan de wetterspegel hinget ôf fan de delslach yn eardere jierren, trochstrings sit de wetterspegel op de -212 meter.
Fluch de feiten
Mar fan Tibearias | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | Levant | |
lân | Israel Syrje | |
sifers | ||
maks. lingte | 21 km | |
maks. breedte | 13 km | |
oerflak | 166 km² | |
djiptegemiddelde | 25.6 | |
djipste punt | 43 m | |
wetterfolume | 4 km³ |
Slute
De Mar fan Tibearias, it meast wichtige swietwetteropslach fan Israel, kriget syn wetter út Noard-Israel en Súd-Libanon. De mar wetteret ôf nei it suden op de rivier de Jordaan, dy't mûnet yn de Deade See, de meast leechlizzende mar fan de wrâld.