Matroas (rang)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In matroas is de leechste militêre rang by de marine (yn Nederlân sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre jargon fan stannen). De ekwivalinte stân by de mariniers is marinier, de ekwivalinte stân by de lânmacht en loftmacht is soldaat, en de ekwivalinte stân by de maresjesee is maresjesee. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek manskippen neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.