Memoirs of a Geisha (film)
film út 2005 fan Rob Marshall / From Wikipedia, the free encyclopedia
Memoirs of a Geisha is in Amerikaanske histoaryske romantyske dramafilm út 2005 ûnder rezjy fan Rob Marshall, mei yn 'e haadrollen Zhang Ziyi, Suzuka Ohgo, Gong Li, Michelle Yeoh en Ken Watanabe. De titel betsjut: "Memoires fan in Geisha". De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Arthur Golden út 1997. It ferhaal folget it libben fan it Japanske famke Chiyo, dat yn 'e 1920-er jierren as bern troch har ferearmoede âldelju ferkocht wurdt om geisha te wurden. Memoirs of a Geisha konsintrearret him benammen op 'e selsopoffering dy't fan geisha's yn it Japan fan foar de Twadde Wrâldoarloch ferwachte waard en op 'e swierrichheden fan geisha's om in plak yn 'e nei-oarlochske maatskippij te finen. De film krige mingde resinsjes fan 'e Westerske filmkritisy en waard yn 'e Folksrepublyk Sina ferbean. Yn 'e bioskopen ûntjoech er him ta in beskieden kommersjeel súkses. Memoirs of a Geisha wûn ferskate prizen, wêrûnder trije Oscars, in Golden Globe, trije BAFTA Awards en in Satellite Award.
Memoirs of a Geisha | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Rob Marshall | |
produsint | Lucy Fisher Steven Spielberg Douglas Wick | |
senario | Robin Swicord | |
basearre op | de roman fan Arthur Golden | |
kamerarezjy | Dion Beebe | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Columbia Pictures DreamWorks Pictures Spyglass Entertainment Amblin Entertainment Red Wagon Entertainment | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Zhang Ziyi Suzuka Ohgo | |
voice-over | Shizuko Hoshi | |
byrollen | Gong Li Michelle Yeoh Ken Watanabe Kōji Yakusho Youki Kudoh Zoe Weizenbaum | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 novimber 2005 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | hist. romantyske dramafilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Japansk) | |
spyltiid | 145 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $85 miljoen | |
opbringst | $162,2 miljoen | |
prizen | 3× Oscar 1× Golden Globe 3× BAFTA Award 1× Satellite Award |