Milwaukee
From Wikipedia, the free encyclopedia
Milwaukee (útspr.: /mɪl'wɔ:ki:/) is de grutste stêd yn 'e noardlike Amerikaanske steat Wiskonsin. It leit oan 'e eastkust fan 'e Michiganmar, ien fan 'e Grutte Marren. Milwaukee is it haadplak fan it omlizzende Milwaukee County, mar de bûtenwiken derfan stekke út oer de grinzen fan Washington County, Waukesha County en Ozaukee County . Neffen in offisjele skatting út 2012 hie Milwaukee doe krapoan 600.000 ynwenners. As stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite meirekkene wurde, komt it neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 út op in ynwennertal fan hast 1,6 miljoen minsken. Milwaukee stiet fral bekend om it bier dat der fan âlds broud wurdt, en teffens om't it ynternasjonale haadkertier fan motorprodusint Harley-Davidson der fêstige is.
Milwaukee | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Wiskonsin | |
County | Milwaukee County Washington County Waukesha County Ozaukee County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 598.916 (2012) | |
Oerflak | 150,7 km² (ynkl. wetter) 249,0 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.389,4 / km² | |
Stêdekloft | 1.566.981 (2010) | |
Hichte | 188 m | |
Oar | ||
Stifting | 1818 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 43°03′08″N 87°57′21″W | |
Offisjele webside | ||
www.city.milwaukee.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Milwaukee (read) yn en bûten Milwaukee County en yn 'e steat Wiskonsin. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Foar oare betsjuttings, sjoch: Milwaukee (betsjuttingsside).