Ministearje fan Justysje en Feiligens
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Nederlânske ministearje fan Justysje en Feiligens, ôfkoarte ta J&V (Justitie en Veiligheid) bemuoit him mei de rjochtsoarder yn alle stadia. Dat komt del op ûnder mear wetjouwing, previnsje, hânhâlding, strafoplizzing en slachtofferhelp. Oant 14 oktober 2010 hiet dit ministearje 'ministearje fan Justysje', mar mei yngong fan it kabinet-Rutte I is it ûnderdiel 'Feiligens' út BZK wei oan it ministearje taheakke, wêrtroch't it ministearje de namme 'ministearje fan Feiligens en Justysje' krige.
Ministearje fan Justysje en Feiligens J&V | ||
It gebou fan it ministearje yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Turfmerk 147 2511 DP De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 12 maart 1798 | |
funksjehâlders | ||
minister | Dilan Yeṣilgöz-Zegerius Franc Weerwind (Rjochtsbeskerming) | |
steatssekretaris | Eric van der Burg | |
sekretaris-generaal | Dick Schoof | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-justitie-en-veiligheid |
Yn oktober 2017, by it oantreden fan it kabinet-Rutte III, is de namme ûnder druk fan juristen, feroare ta Ministearje fan Justysje en Feiligens, om't hja miene dat "justysje" de âldste rjochten hat en in hegere wearde hat as "feiligens" .
Under de ferantwurdlikens fan it ministearje fan Feiligens en Justysje falle ûnder oare de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestrieding en Feiligens, de plysje, de Ynspeksje Feiligens en Justysje, de Justysjele útfieringstsjinst Toetsing, Integriteit en Screening (Tsjinst Justis), de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst, Tsjinst Weromkomst & Ofreis, Brânwar, Tsjinst Justysjele Ynljochtings, it Sintraal Justysjeel Ynkassoburo (CJIB) en it Iepenbier Ministearje.