Nahum (bibelboek)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nahum, yn it oarspronklike Hebriuwsk: נחום, Naḥum, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Nahum in bibelboek op himsels, it 34ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).
Nahum | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | נחום ("Naḥum") | |
auteur | Nahum | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 8e – 7e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Micha | |
● folgjend diel | Habakuk | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Nahum | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It boek Nahum omfettet de profesijen fan 'e profeet Nahum, oer wa't inkeld bekend is wat der oanjûn stiet yn Nah. 1:1, nammentlik dat er ôfkomstich wie út Elkosj. Bibelwittenskippers hawwe dy plaknamme besocht te identifisearjen mei ferskillende bekende plakken, wêrûnder it moderne Alqush fan noardlik Irak en Kapernaüm yn Galileä. Nahum is nei gedachten skreaun yn Jeruzalim, de haadstêd fan it suderryk Juda, dêr't de profeet mooglik as in balling út it noarderryk Israel ferkearde, mar wannear krekt, dêr is men it net oer iens. Guon saakkundigen miene ûnder it regear fan kening Achaz, yn 'e achtste iuw f.Kr.; oaren hâlde it op 'e twadde helte fan it regear fan kening Hizkía, yn 'e iere sânde iuw f.Kr. Wer oaren wolle hawwe, it boek is skreaun koart nei de ferovering en ferwuostging fan 'e Assyryske haadstêd Ninevé troch de Meden en de Babyloaniërs, yn 612 f.Kr. Dy lêste teory liket it stekhâldendst te wêzen, mei't Nahum yn 'e tekst de ferwuostging fan 'e Egyptyske stêd No-Amon (Tebe) troch de Assyriërs, yn 663 f.Kr., neamt en (it lot fan) dy stêd ferliket mei (dat fan) Ninevé. De earste folsleine Fryske oersetting fan Nahum stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.